KNKB Jonges A klasse 4 maaie 2014
Oer it algemien waard der spannend keatst, al wie der ien petoer dat der boppe út stuts. Nei twa omlopen wienen der noch twa petoeren yn’e running foar de kranse. Sy keatsten yn’e letste omloop tsjin inoar. Wijbe Dijkstra, Dirjan Bouma en Marco de Groot tsjin Jehannes Gietema, Mark Jan IJkema en Remco Schiphof. De wedstryd wie gau spile, omdat petoer 1 mei Wiebe, Dirjan en Marco sjen lieten de bettere te wezen. Sy gienen derom terjochte mei de krans nei hús. Wardearring foar de jonges foar de goeie begelieding fan de blokjerinners én foar de komplimenten rjochting úse kransemakkers! Chapeau! Allegear in sukselfol seizoen tawinske!! 1e: Petoer 1 mei Wiebe Dijkstra (Anjum), Dirjan Bouma (Grou) en Marco de Groot (Frjentsjer) mei 21 earsten. 2e: Petoer 4 mei Jehannes Gietema (Akkurm), Mark Jan IJkema (Frjentsjer) en Remco Schiphof (St Jabic) mei 16 earsten. 3e (gjin priis): Jelmer Plantenga (Alde Leie), Jouke Vlasbloem (Makkum) en Laas Pieter van Straten (Feinsum) mei 11 earsten. 4e (gjin priis): Petoer 2 mei Gerrit Winkel (Stiens), Nick Leistra (Tzummarum) en Kevin Jordi Hiemstra (Stiens) mei 10 earsten.
Geplaatst op 04 May 2014